Bushokje sloopt, dieders oppakt

11 jul 2015 - 13:57

De plysje fertinkt twa Ljouwerters en twa ynwenners fan Beetstersweach fan it fernielen fan in bushokje yn dat lêste plak. De plysje krige fannacht in melding dat it hokje sloopt waard. By oankomst die bliken dat de ruten ynslein wienen mei de peal fan in ferkearsboerd. Yn de omjouwing fan it hokje koenen de twa ynwenners fan Beetstersweach oanhâlden wurde. Ien fan de twa hie in stroomstjitwapen by him. Letter koenen ek de twa Ljouwerters oppakt wurde. Alle fjouwer binne fêstset foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)