It liket derop mei de bijestân

11 jul 2015 - 12:39

De bijen binne goed de winter trochkaam. Der binne folle minder folken deagien as ferline jier. Dat skriuwt ûndersiker Romee van der Zee yn in rapport, nei in ûndersyk ûnder de ymkers. Oare konklúzjes binne dat de stjerte ûnder folken yn de Wâlden heger leit as yn de greidegebieten. Mar dat kinne de ymkers fan de feriening Beetstersweach en omkriten net befêstigje, want hast alle folken fan de leden ha de winter oerlibbe.

Fierder skriuwt Van der Zee dat der mear oarsaken binne foar de bijestjerte, as allinnich lânbougif, lykas de Varoamijt en de 'skrale' griene greiden mei allinnich gers. De hunningproduksje leit wol folle leger as ferline jier, mar dat komt troch de kâlde maitiid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)