Deade kninen Skylge wurde opromme

11 jul 2015 - 12:03
  • Lyts knyn

Steatsboskbehear op Skylge set ynkoarten útein mei it opromjen fan deade kninen. Op it waadeilân lizze tsientallen deade bisten op en neist de fytspaden. Al sûnt it begjin fan dit jier hearsket de kninesykte myksomatoaze. Dat komt neffens Steatsboskbehear om't der in sêfte winter west hat en ek it oantal kninen tanaam is. Gewoanwei wurde deade bisten net opromme, mar fanwegen de stankoerlêst en it rare byld foar toeristen is dochs besletten om de bisten op te romjen.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)