Seis ferwûnen ûngelok Ofslútdyk

11 jul 2015 - 11:04
  • Kop-sturtbotsing tusken twa auto's

It ûngelok freedtejûn op de Ofslútdyk is nei alle gedachten feroarsake omdat in ynwenster fan De Jouwer te let seach dat de auto foar har ôfremme. Dy auto waard bestjoerd troch in frou út Amsterdam. De frou út De Jouwer rekke ferwûne en waard mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht. Fiif oaren, dy't ek ferwûne rekken, binne mei ambulânses nei sikehuzen brocht. Under har binne twa jonge bern en de 13-jierrige dochter fan de frou fan De Jouwer.

Fanwege it ûngelok en de neisleep dêrfan wie de Ofslútdyk trije oeren lang ôfsletten. Dêrtroch ûntstie der in lange file.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)