Selstraf foar Ljouwerter nei rellen Haachske Skilderswyk

11 jul 2015 - 08:32

In Ljouwerter (35) is troch de Haachske plysjerjochter feroardield ta in selstraf fan trije wiken en in wurkstraf fan sechtich oeren fanwege opruiïng. De man soe op syn facebookside bedrigings utere hawwe nei de dea fan Mitch Henriquez yn de Haachske Skilderswyk. Hy bedrige Marius Blok, in plysjeman út de Skilderwyk.

De plysjerjochter hat de Ljouwerter ek opdroegen de tekst fan syn facebookside te heljen, mei it byhearrende plaatsje fan in pistoal.

Fan de trije wiken selstraf dy't de man krigen hat binne alve dagen ûnder betingst. Ek in ynwenner fan Amsterdam, fan Terneuzen en fan Rotterdam hawwe straffen krigen fanwege bedrigings oan it adres fan Marius Blok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)