Persoan slim ferwûne troch barbecuemaleur Grou

11 jul 2015 - 07:20

Oan It Hoflân yn Grou is freedtejûn in persoan slim ferwûne rekke doe't der wat misgong by it oanstekken fan in barbecue. Doel wie om de barbecue mei help fan in brânstof oan te krijen, mar doe't dy stof der opspuite waard blykte de barbecue net goed út te wêzen en ûntstie der in stekflam. It slachtoffer krige dy yn it gesicht en rûn brânwûnen op. De persoan is dêrop mei de ambûlanse nei it sikehûs brocht. Foar de helpferliening waard neist de brânwacht ek in traumahelikopter ynskeakele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)