Boeren Mitselwier ha gjin ferlet fan spoarfytsen op it lân

10 jul 2015 - 20:34

Der komme gjin spoarfytsen op it trajekt Dokkum-Mitselwier yn de gemeente Dongeradiel. Foaral boeren sjogge it net sitten. Se besitte no frije kavels en wolle net dat de spoarline dêr dwers trochhinne giet.

De gemeente Dongeradiel wie earst wol posityf oer it inisjatyf fan de Noord Friesche Lokaal Spoorwegmaatschappij om op it âlde trajekt fan it Dokkumer Lokaaltsje spoarfytsen ride te litten. Mar wethâlder Sicco Boorsma wol it net ta ûnteigeningsprosedueres komme litte en sjocht fan it plan ôf.

Inisjatyfnimmer Chris Rijff fan de Noord Friesche Lokaal Spoorwegmaatschappij is teloarsteld oer it mislearjen fan it spoarfytsprojekt yn Dongeradiel. Hy begrypt net dat de gemeente by it projekt Holwert oan See wol ûnteigenje wol en by syn plan net.

Rijff giet lykwols troch. Hy hopet op oare plakken yn Ljouwerteradiel, Ferwerderadiel en Dongeradiel wol spoarfytstrajekten fan de grûn te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)