Hiltje Tjalsma wint foar de fjirde kear de Gouden Swipe

10 jul 2015 - 19:53

Amatrice Hiltje Tjalsma en har rún Banter Boy hawwe freedtejûn op de gersbaan fan De Jouwer de Gouden Swipe wûn. It is de fjirde kear dat sy de priis fan de tradisjonele hurddraverswedstryd wint.

Op it twadde plak einige Anita Gorter mei har merry Chiquita. Tredde waard Gretha Posthumus mei har merry Wanna van Ranum.

Mei troch it moaie waar wie der in soad publyk by it evenemint: sa'n 3000 minsken wennen de wedstryd by. Tjalsma mei de priis net mei nei hûs nimme. De Gouden Swipe hat in plak yn it gemeentehûs fan De Fryske Marren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)