Selstraf frege foar stjoerman speedboat

10 jul 2015 - 16:09

Tsjin in 52-jierrige Ljouwerter is fan 'e middei foar it gerjochtshôf in selstraf fan hast tsien moanne easke en in wurkstraf fan 240 oeren. Neffens it Iepenbier Ministearje is de man skuldich oan it feroarsaakjen fan in ûngelok mei in speedboat.

Dy kaam yn juny 2008 op it Prinses Margrietkanaal by Grou yn oanfarring mei in frachtskip. Dêrby kaam in ynwenner fan Jellum om it libben. De saak waard earder al yn heger berop behannele, mar de Hege Ried bepaalde dat dat opnij dien wurde moast fanwege in fout mei it ôfnimmen fan in bloedproef.

Nei alle gedachten folget de útspraak oer fjirtjin dagen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)