Plannen sneltrein Ljouwert-Grins rinne fertraging op

10 jul 2015 - 15:22

ProRail en de provinsjes Fryslân en Grinslân hawwe mear tiid nedich om de plannen rûn te krijen foar de ekstra sneltrein dy't tusken Ljouwert en Grins ride moat. De ferwachting is dat der nei de simmer fan 2016 mear dúdlikheid komt oer it ûntwerp. Om de ekstra sneltrein ride te litten, moatte der yn alle gefallen acht grutte maatregels oan it spoar en de perrons naam wurde. Sa moat bygelyks it spoar tusken Hoogkerk en Zuidhorn oer acht kilometer ferdûbele wurde en alle brêgen, tunnels en fiaducten moatte op dat diel oanpast wurde.

Om't by de oanpassings ek in soad belangen fan omwenners, bedriuwen en gemeenten spylje, is besletten mear tiid oan it ûntwerpproses te besteegjen.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)