Mear kij faker yn de greide

10 jul 2015 - 14:27

Natuer en Miljeu wol boeren helpe om de kij faker nei bûten te krijen. Kij yn it lân is better foar de kij sels, de boeren en de natuer. Mar de kij bûten rinne litte, is foar de boeren wol djoerder. Dêrom soe de hiele suvelketen, fan suvelkorporaasjes oant banken en supermerken de boeren finansjeel stypje moatte, sa seit Natuer en Miljeu. Mei in logo op de ferpakking kinne konsuminten sjen dat de kij yn de greide stien ha.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)