Warskôging foar tinteynbrekkers op Skylge

10 jul 2015 - 12:02

De plysje op Skylge warskôget foar ynbrekkers dy't út binne op guod út tinten fan kampearders. Der binne neffens de plysje ferskate oanjeftes binnen kaam fan minsken dy't guod kwyt binne. It giet om jild, mobile telefoans en klean. It binne benammen jongeren dy't it slachtoffer binne. De plysje warskôget dan ek om gjin guod mei wearde yn de tinte achter te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)