Televyzjesearje oer gangsterduo Bonnie en Clyde

10 jul 2015 - 08:13

Der komt in televyzjesearje oer de Nederlânske Bonnie en Clyde. De 10-dielige searje 'Catch' fan de omroppen KRO-NCRV is basearre op de rôftocht fan Antonio van der P. út De Harkema en syn freondinne Enise, skriuwt it AD. De haadrollen binne foar akteurs Robert de Hoog en Sallie Harmsen. De opnamen begjinne freed en it resultaat is yn jannewaris te sjen. It echte gangsterduo waard ferline jier yn Dútslân oanhâlden. Van der P. krige in selstraf fan 16 jier, B. moat 12 jier de sel yn. Se hat beswier makke tsjin de útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)