GGD: gjin ferbân tusken tiken en de mûzepleach

09 jul 2015 - 17:15
  • Tyk

It hegere tal tiken yn Fryslân hat neat te krijen mei de mûzepleach. Dat seit dokter Aleid Westerveld fan GGD Fryslân. It kaam nei foaren nei ûndersyk fan it RIVM, it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu.

Der binne tiken fûn by mûzen dy't yn de bosk sitte en net by de fjildmûzen dy't by de boeren yn 'e greiden sitte. Earder waard sein dat de mûzepleach derfoar soarget dat der mear tiken binne, mar dat kloppet dus net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)