Taksy Witteveen past WMO-ferfier yn twa doarpen oan

09 jul 2015 - 14:49

De gemeente It Hearrenfean hat de ôfspraken mei taksybedriuw Witteveen oer it WMO-ferfier foar Jobbegea en Hoarnstersweach oanpast. Der kamen in soad klachten binnen oer it ferfier foar minsken mei in beheining. Dûmny Piet Hulshof kaam yn aksje foar de bewenners út Jobbegea. Yn koarte tiid waarden sa'n 1100 hantekeningen sammele.

De gemeente hat no ôfpraat dat it WMO-ferfier in healoere earder begjint, sadat minsken op tiid yn it sikehûs binne.

Dêrneist kinne minsken tenei harren kilometers wer op papier byhâlde en hâldt Witteveen sprekoeren yn doarpshûs De Kompenije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)