Keeper Erwin Mulder stapt oer nei SC Hearrenfean

09 jul 2015 - 12:14

Keeper Erwin Mulder makket de oerstap fan Feyenoord nei Sportklup Hearrenfean. Freed wurdt er medysk keurd.

Erwin Mulder wie ôfrûne seizoen keeper by Feyenoord, mar moast syn plak yn de goal ôfstean oan Kenneth Vermeer, dy't oerkaam fan Ajax. Mulder moat by SC Hearrenfean de opfolger wurde fan Kristoffer Nordfeldt, dy't nei Swansea City gong is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)