Hieltyd mear oanfragen by de Stichting Leergeld

09 jul 2015 - 11:51

It tal bern dat mei help fan de stichting Leergeld dielnimt oan normale aktiviteiten lykas sporten of in fakânsjewike nimt de lêste tiid mei tsjientallen prosinten ta. Dat seit foarsitter Geert Jan de Jong fan de stichting Leergeld Noardeast- en Súdeast Fryslân.

Der lokale ôfdielings fan de lanlike stichting Leergeld soargje der foar dat bern net yn in isolemint komme troch finansjele problemen by de âlden. De taname komt troch in kombinaasje fan oarsaken.

It oantal minsken mei jildpine nimt ta, de doelgroep sels fynt de stichting better en de gearwurking mei gemeenten docht ek fertuten.

Ek by de spulwike fan de stichting Vakantiespelen Ooststellingwerf yn Appelskea binne no fiif bern dy't dêr sûnder ekstra help net by wêze koenen. De bern sels witte fan neat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)