Huzemerk yn Fryslân op 'e nij yn de lift

09 jul 2015 - 10:23

NVM makelers hawwe yn it twadde fearnsjier fan 2015 1321 wenningen ferkocht. Dat is in stiging fan hast 30 prosint yn fergeliking mei ferline jier. Yn totaal binne der yn Fryslân 1760 huzen ferkocht de ôfrûne trije moannen.

Net allinnich it oantal ferkeapen gie omheech, ek de huzeprizen binne omheech gien. De gemiddelde priis fan in Frysk hûs kaam op 184.000 euro, en dat is 4,5 prosint heger as in fearnsjier earder. Sûnt it djiptepunt fan de krisis binne de prizen de lêste tiid mei hast 8 prosint omheech gean.

Neffens de NVM binne de lege rinte, it gruttere konsumintefertrouwen en de bettere ekonomyske ferwachtings de oarsaak fan de ferbettere huzemerk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)