Kollum: "It nijs fan de Bûten Post"

09 jul 2015 - 09:49
  • De Toan fan Bart Kingma

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tongersdei de radiokollum fan Bart Kingma. Bart Kingma wennet yn Ried en wurket as programmamakker by Omrop Fryslân. Dêrneist is er kollumnist foar De Moanne en beheart er in eigen webside www.debutenpost.nl. Yn 2010 ferskynde fan syn hân de roman ‘Griene Simmer’. De kollum fan Bart bestiet út in oersjoch fan de (satiryske) nijsberjochten út De Bûten Post.

"Goeiemoarn, dit is it nijs fan De Bûten Post fan dizze wike:

FrieslandCampina past syn advysprizen oan fan Grykske yochert. In kilo Grykske framboazeyochert fan Optimel sil fan hjoed ôf yn de supermerk sa'n 26.500 drachme kostje. Boppedat wol FrieslandCampina dat klanten de Grykske yochert tenei mei kontant jild betelje. It kin net meinaam wurde yn it totaalbedrach fan de boadskippen en moat apart ôfrekkene wurde. Dat hat FrieslandCampina hjoed bekendmakke. It suvelbedriuw sil de priisûntwikkeling fan Grykske yochert alle dagen byhâlde en as dat nedich is it priispeil bystelle.

By in rûtinekontrôle op de Boschplaat fan Skylge hat de plysje juster in groep folslein ferwyldere Oerolgongers oantroffen. De festivalbesikers wisten net dat Oerol al dien wie en ferkearden yn in minne kondysje: se wienen smoarch en slim fermeagere. De groep wie yn de ferûnderstelling dat se yn in langrinnende foarstelling sieten mei rûzjend helmgers, feroarjende seestreamen en wikseljende wolkeloften. Troch kokkels, dúnplantsjes en seewier te iten wisten de besikers harsels yn libben te hâlden. Se binne mei spesjaal ferfier nei de fêste wâl oerbrocht, dêr't se hjoed fierder medysk ûndersocht wurde sille.

In kwart fan de Friezen doneart geregeld syn organen. Dat docht bliken út sifers fan it CBS. It giet gauris om de mage en de lever, mar foaral ieren en sinen wurde faak ynlevere by de sammelpunten. Dêrmei rint ús provinsje sawat lykop mei it lanlik byld fan de donaasje-reewilligens. Yn de measte provinsjes skommelet it sifer om de 25 persint hinne.

De measte akwadukten yn Fryslân sille altyd te krijen hâlde mei wetteroerlêst. Dat seit Rykswettersteat, neidat ôfrûne snein in pear akwadukten troch in wolkbreuk splis kamen te stean. De rûtes ûnder de akwadukten troch wienen al gau wer droech, mar de keunstwurken sels steane noch altyd ûnder wetter. Neffens Rykswettersteat moatte we dêr mar gewoan oan wenne, en heart dat no ien kear by it byld fan de sitewaasje. De akwadukten sille foarearst dan ek noch net leechpompt wurde.

Sport. De sjitpartij fan Bilgaard hat noch gjin dúdlike winner oplevere. De dieder liket yn it foardiel te wêzen, mar de beslissende slach is noch net útdield. It slachtoffer liket noch kânsen te hawwen om werom te kommen yn de striid. Mooglik is in twadde omloop nedich om in winner oanwize te kinnen. Oft dy twadde omloop der komt is noch net wis. De sjuery - te herkenenn oan de blauwe unifoarmen yn it wedstrydfjild - moat earst noch de balâns fan de sjitpartij oant no ta opmeitsje.

Ferkear. De ANWB advisearret automobilisten om har goed ta te rieden op de kjeld fan hjoed. Fan 'e moarn wienen de helptsjinsten al smoardrok mei auto's dy't net starte woenen fanwege lege akku's. Wegenwachters sjogge boppedat dat minsken net klaaid binne op de kjeld en binne bang foar ûnderkuolling fan sjauffeurs. In waarme fleece of tekken soe standerd by elk yn de auto sitte moatte, fynt de ANWB. Mooglik sille frijwilligers fan 'e moarn mei hite tee en poeiermolke by file's del.

Mear nijs op www.debutenpost.nl of folgje De Bûten Post fia Twitter en Facebook."

Lês mear stikken fan Bart Kingma op De Bûten Post. Freed wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke Sietsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)