Hegere skulden húshâldings goed teken foar ekonomy

09 jul 2015 - 08:05

De skulden fan Nederlânske húshâldings nimme wer ta. Dat blykt út sifers fan it Sintraal Buro fan de Statistyk. Ein maart fan dit jier hienen we yn totaal 742 miljard euro skuld, en dat is sa'n 2 miljard euro mear as it kwartaal dêrfoar. Dochs is it neffens Ger Jaarsma fan de Kredytbank Nederlân in goed teken. Want fierwei it grutste part fan de skulden bestiet út hypoteekskulden. En dat der mear huzen ferkocht wurde is in teken dat it better giet mei de ekonomy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)