Blau-alch yn Lytse Wielen en Grutte Wielen Ljouwert

08 jul 2015 - 14:58
  • Blau-alch

Yn de Lytse Wielen en de Grutte Wielen by Ljouwert is in warskôging ynsteld yn ferbân mei blau-alch. Dat meldt de provinsje woansdei. De warskôgings foar blau-alch yn it Dúnmarke Hee op Skylge en de Swanneblom by Slappeterp binne júst wer ynlutsen.

Ferline wike wie de wetterbaktearje dêr ûntdutsen yn it swimwetter. Blau-alch feroarsaket ûnder oaren pine yn de holle, diarree, jokte en koarts. De baktearje ûntstiet by in temperatuer boppe de 20 graden. It driuwt as in laach op it wetter en is werkenber oan de blau-griene kleur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)