Kening Willem-Alexander iepenet suvelfabriken It H'fean

08 jul 2015 - 14:11

Kening Willem-Alexander hat woansdeitemiddei de suvelfabriken fan Royal A-ware en Fonterra iepene op It Hearrenfean. De Kening krige ek in rûnlieding troch beide fabriken.

De offisjele start hie in symboalysk karakter: It oanelkoar knoopjen fan 'e linten. Dat stiet foar de gearwurking tusken de beide bedriuwen. By A-ware wurdt tsiis makke en by Fonterra ûnder oaren molkpoeier. Der wurkje mei-inoar mear as 250 minsken. De bou hat sawat twa jier duorre en koste goed 150 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)