Undersyk nei Ljouwerter mei snijwûnen rint noch

08 jul 2015 - 12:46

De plysje is noch hieltyd dwaande mei it ûndersyk nei in Ljouwerter, dy't him sneontemoarn melde mei snijwûnen. It giet om in 29-jierrige man, dy't gjin idee hat hoe't er oan de snijwûnen kaam is. De man moast him behannelje litte yn it sikehûs.

Omdat it om in Somalyske man giet, is it neffens de plysje troch taalproblemen dreech om in goed byld te krijen fan wat der krekt bard is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)