Dieder mishanneling jonkje Drachten noch net fûn

08 jul 2015 - 12:03

De plysje hat noch nimmen oanhâlde kinnen foar de mishanneling fan in 14-jierrige jonge yn Drachten. De jonge waard moandeitemiddei op de Overstesingel yn syn wenplak troch in foarbykommende fytser slein. Hy rûn dêrtroch in bloednoas op. De fytser naaide nei syn died út.

De plysje hat nei in oprop op de sosjale media ferskate tips krigen, mar hat de dieder noch net fûn. Neffens de plysje giet it yntusken wer goed mei de jonge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)