Auto-ynbrekker oppakt nei syktocht plysje yn Ljouwert

08 jul 2015 - 11:37

De plysje yn Ljouwert hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei in 21-jierrige Ljouwerter oanhâlden. Hy hie krekt dêrfoar yn de Insulindestrjitte ynbrutsen yn in auto. De 32-jierrige eigeneresse waard wekker fan it lawaai en seach trije manlju dy't har auto trochsochten. De frou begûn te razen, wêrnei't it trio útnaaide.

De frou joech it sinjalemint troch oan de plysje, dy't it trio yn de omkriten op it spoar kaam. Twa fan de ynbrekkers wisten op de fyts út te naaien, mar de 21-jierrige wie rinnendewei en koe net ûntkomme.

Trefwurden: 
Ljouwert auto-ynbraak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)