CBS: komst asylsikers kin krimp keare

08 jul 2015 - 10:50

It groeiende oantal asylsikers keart de krimp yn in soad regio's yn Nederlân. Hienen yn 2014 noch njoggen regio's te krijen mei in delgeand oantal ynwenners, in jier earder wienen dat der sân mear. Yn ús provinsje giet it benammen om Súdeast-Fryslân.

Dêr wie yn 2013 noch sprake fan krimp, mar yn 2014 wie der in lytse groei fan it tal ynwenners. Per 1000 ynwenners is der in oanwaaks fan twa oant fiif bûtenlânske minsken. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek, it CBS.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)