Kraanfûgels briede yn it Drints-Fryske Wold

08 jul 2015 - 10:38

Kraanfûgels hawwe dit jier foar it earst besocht te brieden yn it Drents-Friese Wold. Dat meldt Natuurmonumenten. It giet om twa pearkes. Resultaat hat it net hân, de aaien binne net útkaam. Neffens Natuurmonumenten is dat gebrûklik omdat it om pearkes giet dy't foar it earst briede.

Yn it Fochtelerfean briede al langer kraanfûgels. Dêr binne dit jier njoggen nêsten teld, it selde oantal as ferline jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)