Kollum: "Talint"

08 jul 2015 - 09:52

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op woansdei de radiokollum fan Eelke Lok fan De Gaastmar. Eelke Lok wurket al jierren foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio. Op dit stuit presintearret hy op televyzje it programma ‘Gewest Fryslân’. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is.

"Aegon en Achmea grieme hjir aanst yn Ljouwert yn ien gebou om. De grize giet je oer de grouwe. Ljouwert hat him yndertiid ûnder boargemaster Te Loo alderferskiklikst útrekt om Aegon te krijen. Ljouwert hat doe letterlik opbiede moaten tsjin Grins en Drachten. Ljouwert hat it wûn mar wie minimaal tsien jier eins fallyt.

No en hoe seit de fersekering no tankewol. Presys, se litte Ljouwert mei in leech gebou sitte en al de minsken moatte no tenei de Achmea-Aegontoer sizze. Dat wurdt in gebou mei noch in pear hoekjes mei lju dy’t har dwaande hâlde mei de woekerpoalissen, want miskien kin der dochs mear jild fan oerbliuwe as wy allegear tinke, en dan kin dat moai nei de bazen. En fierder twa hiele grutte kompjûters, dêr hoege amper mear minsken by.

In sneu proses, ik tink dat Te Loo sa no en dan efkes flokt. Hjoeddeiske boargemaster Crone kin dat net dwaan, hie it dus fan 'e wike op radio 1 monter oer gearwurking, neffens him ek yn de fersekeringswrâld o sa wichtich. Ja dat moatte je as mienskipsboargemaster wol sizze fansels, mar kompjûters hoege net gear te wurkjen. At je net by de iene fersekere binne, dan by de oare, je kin ús binnen in heale sekonde fan de iene yn de oare kompjûter krije.

Fansels, Crone hat gelyk, as der gearwurke wurde kin moatte je dat dwaan. Hy hie it ek oer de molkfabriken, mar as de gearwurking as útkomst hat krekt as by FrieslandCampina, dat je der lju útdonderje moatte, lit dy gearwurking dan mar.

Ik tink dat de ING yn net al te lange tiid ek yn dy toer moat. ING docht it op it heden o sa goed hjir sizze se. Der moatte fansels wol minsken út, mar hjir wer minder as by oare ING’s en net safolle as we earst tochten. Witte jim wol wêrom? Der is in nij Frysk talint ûntdutsen. Wy bin o sa goed oan de ferkearde kant fan de klantetillefoans.

Ik lis út. Klanteservice tillefoans, of hoe’t se dat ek mar neame, der belje je hinne as je swierrichheden ha. Earst belje je it nûmer, dan krij je troch dat der noch 5687 lju foar je wachtsje . As je der dan nei trije kertier troch binne, dan is der in leave famkesstim dy’t freget: wa bin jo? Wêr wenje jo? Wat is jo bertedatum? Wat is jo ledenûmer? Wat is jo sofinûmer? Ik sjoch no efkes nei oft dat wol kloppet.

Nei wer in kertier: ja hear, it kloppet alhiel. Wat kin ik foar jo dwaan? Jo lizze it probleem út en dan seit dat stimke : ik kin jo probleem net oplosse, en ik tink ek net dat ien dat hjir kin. Dat is spitich sizze jo dan en wolle de tillefoan al del lizze, mar dan seit se hurd: mar daliks komt der noch ien en dy freget oft ik jo op de goede wize ynformeard ha. En dêrnei krije jo ek noch in formulierke tastjoerd en dêr kin je dat ek op ynfolje, mei ik jo mailadres wol efkes?

Nee. Ik skrik fan myn hurde toan, mar ik moat folhâlde, ik wol dat net. Ik tink oan al dy froulju dy’t my ûnder it skriuwen fan kollums skille ha mei: we wolle jo graach wat ferkeapje. Nee. Mar wolle jo dan noch wol efkes fertelle dat ik it jo leaf frege ha. Nee. Nee. Nee.

Mar witte jim no wêrom as dy Fryske famkes op dat hegere fuotstik kaam binne? No sjoch, wy Friezen bin altyd aardich tsjin elkoar. En we kinne elkoar. Dus dan hearre je sa’n famkesstimme en och heden dat is Jeltsje fan Sipkes Sjoukje. Och heden, by de ING. Fansels leave, we bliuwe wol efkes hingjen en fertelle de hiele wrâld dat der gjin better mins bestiet oan de tillefoan as do. Ja wis, we beänderje dat mailtsje ek noch wol efkes. Utslach fan it ûndersyk: Fryske famkes binne wol tsien kear better as oaren. Sa krije we Fryslân op de troan."

Lês alle kollums fan Eelke Lok werom op syn side Weblok. Tongersdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Bart Kingma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)