Bysûndere pykjes sjoen op strân Flylân

07 jul 2015 - 16:53

In bysûnder tafriel op de Flyhors op Flylân. Dêr binne op it strân trije soarten stirnzen en ek twa soarten wilsters sjoen mei piken. Dat meldt Steatsboskbehear op Flylân.

Dat soarten lykas de lytse stirns en de bûnte wilster no piken ha, is útsûnderlik. De lêste jierren spiele de nêsten hieltyd fuort by heech wetter. Mar dizze kear binne de fûgels letter begûn mei brieden. Trettjin span lytse stirnzen ha no piken en dat jildt ek twa span bûnte wilsters. Ek by de wytstirnzen en Noardske stirnzen binne de earste jongen sjoen.

Mar it bliuwt allegear hiel kwetsber, der wurdt woansdei rekkene op hurde wyn en heech wetter. En dat is in hiel spannende kombinaasje, omdat de pykjes sa wer fuortspiele kinne.

Steatsboskbehearmeiwurker Carl Zuhorn makke ek bylden fan de pykjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)