Jessica Torny wer fuotbalcoach KNVB

07 jul 2015 - 16:53
  • Jessica Torny

Jessica Torny wurdt by fuotbalbûn KNVB coach fan de Nederlânske fuotbalfroulju ûnder 19 en ûnder 16 jier. De ôfrûne trije seizoenen wie Torny de haadcoach fan de froulju fan Sportklup Hearrenfean. Torny spile sels 75 wedstriden (14 doelpunten) foar it Nederlânske frouljusalvetal. Yn de kompetysje spile se yn Dútslân en by ferskillende Nederlânske klups. De Nederlânske fuotbalfroulju ûnder 19 jier spylje takom seizoen kwalifikaasjewedstriden foar it Europeesk kampioenskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)