Fryske berne-opfang bliid mei ekstra jild út Den Haach

07 jul 2015 - 16:38

Fryske berne-opfangorganisaasjes binne bliid dat it kabinet 250 miljoen ekstra ynvestearret yn de sektor. Dat docht bliken út in belronde fan Omrop Fryslân by ferskate opfang-organisaasjes del. It ekstra jild is opnaam yn it nije belestingplan fan it kabinet en kin neffens de opfangbrânzje 7000 nije banen opsmite. Ek wurdt ferwachte dat der wer mear wurkjende âlden harren bern nei de opfang bringe.

Troch besunigings op de opfang bringe in protte âlden de bern minder faak of net mear nei de opfang ta. Ien en oar hat ek yn Fryslân soarge foar twongen ûntslaggen, falliseminten en oernames fan kresjses en bernedeiferbliuwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)