Dronken Ljouwerter slacht, bedriget en mislediget plysjes

07 jul 2015 - 12:17

In Ljouwerter fan 17 jier is moandeitejûn oppakt om't er plysjeminsken slein, bedrige en misledige hat. De jonge wie ûnder ynfloed fan alkohol en medisinen. De fertochte wie te stappen mei in freon en freondinne en se hienen in flesse wodka opsûpt. De freon wie net goed wurden en yn de Oude Lombardsteech yn mekoar sakke.

De jonge Ljouwerter die ferfelend tsjin de meiwurkers fan de oproppen ambulânse. Doe't de plysje dêr wat fan sei, waard er poer. Hy is meinaam nei it plysjeburo. Syn freon is oplape troch it ambulânsepersoniel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)