Grouster stelt út auto en moat nachtsje de sel yn

07 jul 2015 - 11:45

In 22-jierrige ynwenner fan Grou is moandeitejûn oanhâlden op fertinking fan it ynbrekken yn in auto. By de plysje kaam de melding binnen dat in man by it stasjon fan Grou it rút fan in auto ynslein hie en dêrnei útnaaide. De man waard yn syn auto op in parkearterrein werom fûn.

Yn syn auto waard guod fûn dat út de oare auto kaam. De man moast mei nei it plysjeburo foar ûndersyk. Dêr is er yn de sel setten.

Trefwurden: 
Grou plysje autorút
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)