Ien op de fjouwer Friezen jout tastimming orgaandonaasje

07 jul 2015 - 11:12

Hast in kwart fan de ynwenners fan Fryslân jout tastimming foar orgaandonaasje. Dat docht bliken út sifers fan it CBS (Centraal Bureau voor de Statistiek). Yn de gemeenten Littenseradiel en Menameradiel wenje de measte minsken dy't tastimming jouwe. It persintaazje leit dêr op 27 prosint.

Dantumadiel is de Fryske gemeente mei it leechste oandiel orgaandonoaren: 17 prosint. Achtkarspelen en Kollumerlân sitte op 18,5 prosint.

Sjoch hjir foar it artikel fan it CBS.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)