Hurdfytser slacht jonge (14) yn Drachten in bloednoas

07 jul 2015 - 09:41

In jonge fan 14 jier is moandeitemiddei op de Overstesingel yn Drachten mishannele troch in hurdfytser. De jonge waard troch de fytser yn syn gesicht slein. Dêrtroch krige er in bloednoas. It slachtoffer belle oerémis de plysje. Dy hat noch mei ferskate plysjes yn de omjouwing nei de fytser socht, mar se koene him net fine.

Nei alle gedachten is de man oer de fytsbrêge yn de rjochting fan de Eikensingel fuortfytst.

De fytser hie in swarte helm en is tusken de 50 en 60 jier. Hy hie in swart/wyt shirt oan mei letters der op en reade flakken by de skouders. De fytsbroek wie read mei swart. Hy hie in swarte bidon by him.

De plysjes siket minsken dy't mear fertelle kinne om kontakt op te nimmen mei de plysje op tillefoannûmer 0900-8844

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)