Kollum: "It hûs fan Stokkem"

07 jul 2015 - 07:51
  • De Toan fan Willem Schoorstra

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tiisdei de radiokollum fan skriuwer Willem Schoorstra (1959) fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Op dit stuit wurket Schoorstra oan in roman oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan.

"It hat even duorre, mar hy is der: de simmer! En as ik it noch net fernaam hie oan de klotsende oksels en it swit dat op plakken komt dêr’t ik net fan wist dat it komme koe, dan wol oan de barbekjû-útstjit fan de buert, dy’t gemiddeld heger leit en gefaarliker is as dy fan de ferbrâningsoven by Harns.
Och, de simmer. In wûnderlike en ferrassende tiid. Nim bygelyks de buorfrou. Alhiel tsjin de hearskjende trend yn hat se dit jier keazen foar in monokiny.

Op himsels neat mis mei, mar de earste kear dat ik har sa tusken de konifearen sitten seach, in frou fan hast tachtich, moast it toch even wenne, en ha ik in pear nachten nedich hân om myn gewoane sliepritme wer te finen. De simmer is ek de tiid fan lange jûnen bûten sitte. By in fjurke. Harkje nei ien dy’t gitaarspilet. Of in ferhaal fertelt. It leafst in spookferhaal. Want spookferhalen binne fan alle tiden. Freegje dat de ynwenners fan it Belgyske plakje Stokkem mar. Dêr stiet in hûs al fyftich jier leech. Net ien wol it keapje, omdat it dêr spoket. In man dy’t yn ’e buert wennet fertelde yn ’e krante syn ferhaal, hoe’t er in jier of tsien lyn nochris yn it spookhûs west hie. ‘Doe siet der noch in trep yn,’ sei er. ‘Wylst ik nei boppen rûn, foel it my op hoefolle deade bisten oft der yn it hûs leine. Lyts guod, mar ek katten, fûgels, fretten en murden. Der hong in ferdjerlike stank. Boppe hearske in nuvere sfear. Dy grutte, lege ruten dêr’t de wyn trochhinne gûlde en de spinnewebben dûnsje liet, ek dêr in protte deade bisten, dy freeslike stank. Sa’t ik dêr stie, besette it my. It sykheljen gie mei hoarten en stjitten, en ik begûn te smûgjen. Ynienen waard it stienkâld. Ik woe my omdraaie om te sjen hoe’t dat koe, mar dat slagge my net. Ik koe allinne mar rjocht foarút sjen. Dêrnei fielde ik hoe’t my twa hannen op ’e rêch lein waarden. Hannen as fan fjoer, of fan iis. Hoe’t se my nei foaren treaune, yn de rjochting fan ien fan de ruten… It wie dat ik oer in dea bist stroffele en dêrtroch de boppe-ierdske spanning brutsen waard, oars hie it myn dea wurde kinnen.’

Soks soarget derfoar dat it spookhûs yn Stokkem net ferkocht rekket. Net mei de betingst dat it ôfbrutsen wurde moat, ek net as it gratis en fergees oan oare perselen taheakke wurdt. Der is wat foar te sizzen dat sa’n hûs plat moat. Ynstoartingsgefaar, junks, swalkers…Likegoed pleitsje ik derfoar om sokke spookhûzen stean te litten as se net ferkocht reitsje. Yn in weareld dêr’t peuterkes fan twa al yn in rigide skoallesysteem twongen wurde, en bern yn it algemien allinne mei ratio en eksakte fakken te krijen ha, is der driuwend ferlet fan wat dat de fantasy prikelet, fan wat dat de weareld in oare diminsje jout en de ferbylding stimulearret. Want ferbylding is wat de weareld nedich hat. En sis no sels, ek foar folwoeksenen is it toch stikem hearlik om jûns by sa’n hûs lâns te fytsen? Om te fernimmen dat in skym by ien fan de ruten mei gluorjende eagen nei jin stiet te sjen?"

Folgje Willem Schoorstra op Facebook. Woansdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Eelke Lok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)