Belutsenen sjitpartij yn Ljouwert hiene earder al rûzje

07 jul 2015 - 07:39

It slachtoffer en de dieder fan it sjitynsidint oan de Bilgaardpassaazje yn Ljouwert hawwe moandei earder op 'e dei al spul hân. Dat hat it slachtoffer tsjinoer de plysje ferklearre. De jonge fan 16 rekke moandei oan it begjin fan de jûn lichtferwûne doe't er besketten waard. Hy is yn it sikehûs behannele en is wer thús. De dieder is útnaaid, mar de plysje wit al wa't hy is. De syktocht nei him giet tiisdei fierder.

Om't er fjoerwapengefaarlik is, warskôget de plysje minsken om sels gjin aksje te ûndernimmen, mar om 112 te beljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)