Lammen Ljouwerter feemerk hoege net langer slachte te wurden

06 jul 2015 - 21:42

Lammen dy't op de Ljouwerter feemerk ferkocht wurde, hoege by wize fan proef it kommend healjier net ferplicht slachte te wurden. Sûnt de tongblierkrisis yn 2001 is it ferbean om fee dat op de merk kocht is, yn 'e greide rinne te litten. Steatssekretaris Dijksma makket foar it projekt ProfitSchaap no in tydlike útsûndering. Op dy wize kinne lammen trochgroeie, sadat se letter op de feiling mear jild opsmite.

De steatssekretaris jout de skieppesektor in healjier de tiid om sjen te litten oft de nije oanpak wurket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)