Gjin ferfolging Greenpeace foar it stoarten fan stiennen

06 jul 2015 - 16:55

De fiskers hawwe de rjochtsaak tsjin Greenpeace oer it stoarten fan stiennen yn de Noardsee ferlern. Neffens de fiskers wie it stoarten fan de grutte balstiennen libbensgefaarlik en se brochten de saak foar de rjochter. Dy fynt dat it wol tafalt mei it gefaar.

De stiennen lizze djip en Greenpeace hie de koördinaten fan de stiennen trochjûn. Neffens de rjochter is dêrmei de kâns lyts dat in fiskersskip skea oprint troch de stiennen.

Greenpeace stoarte út protest tsjin it fiskjen yn it gebiet tsien grutte balstiennen yn in stik see fan 40 by 40 meter. De fiskers hellen sels fiif út de see en brochten dy nei Harns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)