Achtkarspelen nimt wenningboukavels yn Surhústerfean oer

06 jul 2015 - 16:48

It bod fan de gemeente Achtkarspelen op trettjin wenningboukavels yn Surhústerfean is akseptearre. It giet yn totaal om goed 6100 kante meter yn it plan Vierstromenland yn Surhústerfean. Foar hast 560.000 euro is de gemeente no de eigener wurden. Troch it plan oer te nimmen, hopet de gemeente dat de ferkeap fan kavels wer op gong komt. De ferkeap leit al jierren stil.

De gemeente wol noch dit jier begjinne mei de útjefte fan de kavels. Boubedriuw U. Veenstra fan De Harkema kocht ferline jier al 17 boukavels fia in feiling en is yn de tuskentiid begûn mei de bou fan de earste wenten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)