NHL-studint eksposearret yn Gemeentemuseum Den Haach

06 jul 2015 - 12:32

NHL-studint Pieter Postma út Ljouwert docht mei oan in grutte foto-eksposysje yn it Gemeentemuseum yn Den Haach. De foto fan Postma dy't selekteard is, makket diel út in searje swart-wyt foto's fan Fryske boerehannen. It wie syn ôfstudearprojekt. Hy woe de boeren sa oprjocht mooglik yn byld bringe en hat dêrom de hannen fotografeard.

De sjuery fan de ekspo yn Den Haach bestie út 50 sjueryleden. Sy hawwe mear as 250 foto's beoardield. Dêrby wie de foto fan Postma ien fan de winners.

Njonken it museum yn Den Haach hat ek de NHL ynteresse yn de foto's: de hegeskoalle hat twa foto's oankocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)