Jansma mei meast noardlike part Sintrale As oanlizze

06 jul 2015 - 12:19
  • It gat foar de Sintrale As by Damwâld

Oannimmer Jansma út Drachten mei it meast noardlike part fan de Sintrale As oanlizze. Dat hat de provinsje moandei bekend makke. It is it lêste kontrakt foar de Sintrale As wat oanbestege wurde moast. Jansma krijt 6,7 miljoen euro foar de klus.

De oannimmer sil oan de slach mei de rotonde ten noardeasten fan Dokkum en de turborotonde oan de súdeastkant fan Dokkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)