Oanhâlding nei bedriging en mishanneling yn Noardwâlde

06 jul 2015 - 10:19

In 45-jierrich lid fan de motorklup Satudarah is snein oppakt omdat er yn Noardwâlde in man mei in mes bedrige hat. Ek hat er it slachtoffer in kopstjit jûn. De twa krigen rûzje by de gersbaanraces oan de Haadstrjitte-East. Nei in achterfolging mishannele en bedrige de fertochte út Sânhuzen it slachtoffer. Dy woe gjin oanjefte dwaan, mar de fertochte is dochs oppakt en hat in proses-ferbaal krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)