Plysje lûkt fjoerwapens by fjochterij yn Ljouwert

06 jul 2015 - 10:15

De plysje hat snein mei lutsen fjoerwapens fiif minsken oppakt nei in fjochtpartij yn de Corellistrjitte yn Ljouwert. De plysje hie in melding krigen oer de fjochterij. Ien fan de fertochten soe in fjoerwapen by him ha, dus de plysje naam gjin inkel risiko.

Uteinlik binne der fiif minsken oppakt: in 22-jierrige frou, 32-jierrige man en 27-jierrige man út Ljouwert, in man fan 49 jier út de gemeente Menameradiel en in 34-jierrige ynwenner fan de gemeente Frjentsjerteradiel.

De strjitte hat in skoft ôfsletten west yn ferbân mei it plysje-ûndersyk. It fjoerwapen dat ien fan de manlju hawwe soe, is net oantroffen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)