Kollum: "Hiel Den Haach op ‘e knibbels"

06 jul 2015 - 08:19

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op moandei de radiokollum fan Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân). Nynke is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach.

Hiel Den Haach op ‘e knibbels

Aanst yn septimber wurkje ik fjouwer jier as eigen baas. Ik bin freelancer en dat befalt poerbêst. Ik wurkje in oantal dagen hjir by de Omrop en ha dêrneist thús genôch skriuwopdrachten om de rest fan de wike te foljen. En dochs ha ik altyd it gefoel as bin ik krekt wat frijer as de rest. As it wurk klear is, gean ik in lekker blokje te kuierjen mei de hûn of sit ik mei dit moaie waar yn de tún, yn stee fan op kantoar te wachtsjen oant it fiif oere is. Just it feit datst baas bist oer dyn eigen tiid makket it freelancen sa moai.

Mar dêr komt stadichoan feroaring yn. It kabinet leit ús as freelancers nammentlik hieltyd mear regeltsjes fan boppeôf op. It lêste idee út Den Haach is om de VAR ôf te skaffen: de Verklaring Arbeidsrelatie. Dêrfoar yn it plak komt der in hiele nije regel. Fan 1 jannewaris 2016 ôf mei ik as freelancer net mear as 24 oeren wyks by ien baas wurkje. De reden? Oars soe it in ferhoalene leanskonstruksje wurde. Dizze nije regel is neffens it kabinet bedoeld om ús tsjin “uitbuiting” te beskermjen. Mar mei dit beslút boarje se ús as freelancers hiel wat oeren troch de noas dy’t wy aanst dus by in oare opdrachtjouwer folje moatte. Dus oft it no wier yn ús foardiel wurket, ik betwivelje it.

No ha se dêr yn Den Haach sawiesa wat in nuver byld fan it befoarderjen fan de ekonomy en wurkgelegenheid. Nim bygelyks it plan om it oantal jierkontrakten dat in baas dy jaan mei, werom te skroeven fan trije nei twa. Yn stee fan trije jierkontrakten krigest as wurknimmer dus no maksimaal noch twa. En nei twa jier moast der in healjier út, yn stee fan trije moannen sa’t earder it gefal wie. It gefolch is datst no twa jier by in baas wurkest en der dan útkipere wurdst. Want trije moannen mei in man as frou minder, dat wie noch wol te oersjen foar in baas. Mar in healjier sûnder dy as wurknimmer dat slagget net. Dus komt der in oar foar dy yn it plak en fuort is dyn baan.

Yntusken wurdt de pensjoenleeftyd yn rap tempo omheech knald. Yn 2018 wurkje wy oant ús 67e en yn de jierren dêrnei giet dy leeftiid noch fierder omheech. Sjochst it al foar dy, strjitlizzers mei fersliten knibbels dy’t yn in tillift hingje om’t se oars net mear oerein komme kinne nei in middei straten. Of plysjeminsken dy’t yn in oppimpte skootmobyl mei swaailampen efter in winkeldief oan moatte. Sjoch, oant dyn 70e mei de kont wat noflik yn it read plús fan de Twadde Keamer sitte dat kin elkenien. Mar it échte wurk bart bûten dy keamer. Mar dat sjocht Mark Rutte fansels net fanút syn tuorke dêr heech boppeyn.

En doe kaam de klapper op de fjoerpylk: it briljante plan om by wurkleaze 55-plussers stapsgewiis de WW-útkearing ôf te knipen. Doel is om 55-plussers sa wer rapper oan it wurk te krijen. Mar freegje in 55-plusser wêrom’t er thús sit en it antwurd is standert omdat der gjin bedriuw is dat him noch ha wol. Se binne simpelwei te âld. Dus dan leit dêr dochs it probleem? Pak dy bedriuwen oan, yn stee fan de jildkraan ticht te draaien by âldere wurkleazen. Of bin ik no gek?

Myn foarstel? Alle politisy in healjier elke woansdeitemiddei strate litte. Mei syn allen as strjitlizzers plat op de knibbels dêr yn Den Haach. Van Geert Wilders oant Marianne Thieme, allegearre mar efkes troch de modder. De échte Haagse ‘hands on’-mentaliteit wer wat oppoetse. Waar of gjin waar, straten maar! En dan sille wy se dêrnei nochris freegje oft se ek goeie ideeën ha foar de 55-plussers yn de takomst.

Noflike moandei.

Folgje Nynke van der Zee op har webside www.nynketxt.nl. Tiisdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Willem Schoorstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)