Drokte by sylskoallen barst wer los

06 jul 2015 - 08:09

Mei de start fan de simmerfakânsje is ek it toeristysk heechseizoen losbarst. Under oaren de sylskoallen hawwe it de kommende wiken drok. Sa ek Jelle Visser. Hy is eigener fan sylskoalle Us Untwyk yn Twellingea, en de hiele fakânsje binne der bern by him op it hiem.

Us Untwyk is in sylskoalle dêr't net mei polyester falken fearn wurdt. De bern farre by Visser yn houten 16-kwadraten. Dy fynt er folle moaier. En Visser hat al syn boaten sels boud.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)