Wetterskip kontrolearret feankaden op skuorren

06 jul 2015 - 07:27

Wetterskip Fryslân set moandei útein mei it kontrolearjen fan de feankaden. Troch alle waarmte fan de lêste tiid is de grûn yn Fryslân flink droech wurden, wêrtroch de kâns op fersakkings en skuorren grutter wurdt. Mochten ûnder de ynspeksje skuorren ûntdutsen wurde, dan ferheget it Wetterskip de kaai mei klaai.

Benammen yn de súdwesthoeke fan de provinsje wurde kontrôles hâlden. It Wetterskip ferwachtet lykwols gjin grutte problemen, mar sjocht dizze ynspeksje benammen as previntive maatregel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)