Jeroen Tiebie wint earste folsleine Fryske triatlon

05 jul 2015 - 20:01

De earste folsleine triatlon yn Fryslân is wûn troch Jeroen Tiebie fan Callantsoog. Hy die 9 uren, 31 minuten en 5 sekonden oer De Frysman triatlon yn Warns. In folsleine triatlon bestiet út 3,8 kilometer swimme, 180 kilometer hurdfytse en 42,2 kilometer hurddrave. Troch de tropyske waarfoarsizzings fan sneon waard de triatlon ferset nei snein. Mar ek snein spile it waar in grutte rol. Alle waarselementen kamen foarby. Sinne, tonger, hurde wyn en in soad rein. Jacobina Eikelboom út Utert waard earste by de froulju yn 11.20.25.

Geke Venema fan Easterlittens kaam as twadde oer de streek. By de manlju wûn Tiebie foarige wike ek al de Triathlon Fryslân yn Stiens. Lang like net Tiebie, mar Stefan van der Pal fan Ljouwert op de winst ôf te gean. De Ljouwerter moast by it hurddraven ôfheakje nei't er lêst hie fan kramp. De bêste Fries by de mannen waard Theo Wolfs fan Warstiens. Hy waard tolfde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)