Wetteroerlêst akwadukt Ljouwert en yn Surhústerfean

05 jul 2015 - 17:35
  • Net allinnich yn it Richard Hageman-akwadukt wetter, mar ek dêrûnder
  • Surhústerfean

In grouwe bui soarge snein foar wetteroerlêst op N31, de rûnwei Heak om Ljouwert. It wetter spielde it Richard Hageman-akwadukt yn en koe sa hurd net fuortkomme. Ferskate auto's kamen fêst te sitten. Rykswettersteat hat de N31 tusken Ljouwert-West en Ljouwert-Noard ôfsletten. Om sawat 21.45 oere waard de wei wer iepensteld foar it ferkear, meldt Rykswettersteat op twitter.

In tongerbui hat sneintemiddei ek foar wetteroerlêst soarge yn Surhústerfean. De strjitte De Zwaluw in pear strjitten dêromhinne kamen koarte tiid splis te stean.

Bist aanst op de Heak om Ljouwert? Nim de kaplearzens mar mei! #omropfryslan Bylden fan Corrie Venema

Een video die is geplaatst door Omrop Fryslân (@omropfryslan) op

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)