Hynders de Iselmar yn om ôf te kuoljen

05 jul 2015 - 16:35

Rutersportsintrum Snits en manaazje Jansen yn Molkwar hie foar dit wykein ferskate ritten mei hynders en ruters troch de Iselmar organisearre. Mei it hite waar fan de lêste tiid kinne hynders hiel waarm wurde.

Troch it wetter yn te gean kuolje de bisten goed ôf. Guon hynders gienen sa fier it wetter yn dat se de grûn net mear rekken. Dat is net slim, want hynders kinne swimme. Mar se moatte net kopke ûnder gean. Dat is wol wer gefaarlik. Kommende wiken sille de maneezjes faker sa'n ferkuoljende wetterrit organisearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)